Jong-A-Pin wol wol fuort

26 apr 2009 - 12:23
  • Calvin Jong-A-Pin sjocht om nei in oare klub (foto Martin de Jong)

Calvin Jong-A-Pin, ferdigener fan de Sportklup Hearrenfean, stie sneontejûn yn de wedstriid tsjin FC Twente wer ris yn de basis. Dat die him goed, mar hy ferwachtet net dat hy noch in protte kânsen krijt fan trainer Trond Sollied.

Jong-A-Pin spile it ôfrûne seizoen njoggentjin kear yn de basis, dit seizoen komt hy amper yn aksje. Syn kontrakt rint noch troch oant 2011, mar hy jout no oan dat syn fuotbaltakomst earne oars leit.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)