Jong Oranje wint fan Portugal

08 jul 2014 - 06:53
  • Kuorbal

De kuorballers fan Jong Oranje, mei dêryn Geertje Hoekstra út Aldegea Smellingerlân, hawwe moandei de twadde wedstriid op it Europeesk kampioenschap ûnder de 21 jier mei 32-13 wûn fan Jong Portugal. Yn de earste wedstriid waard Ruslân al mei 35-11 ferslein.

Tiisdei spilet Oranje tsjin Kataloanië. It EK wurdt hâlden yn Tsjechië. Nederlân is titelferdigener.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)