Jong Oranje wint fan Isräel

10 jun 2007 - 20:33

Jong Oranje is snein goed begûn oan it Europeeske Kampioenskip. Yn it Abe Lenstrastadion begûn de ploech fan bûnscoach Foppe de Haan goed oan de wedstriid. Al nei 10 minuten kaam Jong Oranje op foarsprong troch in goal fan Hedwiges Maduro. Israël besocht wol wat werom te dwaan, mar keeper Boy Waterman kaam net yn 'e problemen.

Yn Jong Oranje kamen twa spilers fan Hearrenfean yn aksje: Gianni Zuiverloon en Calvin Jong-a-Pin.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)