Jong H'fean wint fan koprinner

01 des 2009 - 21:30
  • Jong Hearrenfean fersloech PSV mei 2-1

Jong Hearrenfean/Emmen hat tiisdeitejûn de útwedstriid tsjin koprinner jong PSV mei 2-1 wûn. Yn de earste helte wie PSV de bettere ploech mei in betide goal fan Timmy Simons.

Yn de twadde helte spile de kombinaasjeploech fan trainer Johnny Jansen mei mear fjoer. Milan Kopic út in strafskop - Luciano Narsingh wie delhelle - en Pawel Wojciechowski wiene de doelpuntemakkers. Jong Hearrenfean/Emmen hat no 16 punten út 11 wedstriden.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)