Jong H'fean ticht by titel

06 apr 2007 - 07:31

It kampioenskip foar it belofteteam fan SC_Hearrenfean is wer in stapke tichterby kommen. Konkurrint FC_Utrecht koe tongersdei in ynhelwedstryd tsjin Jong_Grins net winne. It waard 1-1.

Mei noch fjouwer wedstriden te gean kin de titel Hearrenfean hast net mear ûntgean. De ploech hat acht punten foarsprong en in better doelsaldo. Tiisdei treffe Hearrenfean en Utrecht elkoar yn de heale finale fan 'e beker.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)