Jong H'fean lyk tsjin Ajax

21 mrt 2011 - 20:55

Jong Hearrenfean/Emmen hat in kreaze teamprestaasje delset troch Jong Ajax yn Amsterdam op 1-1 te hâlden. Fiif minuten foar it skoft waard in moaie aksje fan Quenten Martinus troch Ernesto Seymonson binnenkopt: 0-1.

Nei de tee wie Ajax better en soarge de Oerûguayaan Lodeiro foar de 1-1. By de Feansters diene Haglund en Djuric mei. René Oosterhof wie de ferfanger fan de sike Brian Vandenbussche. Robin Eriksson die nei syn ûngelok fan 't simmer foar it earst 20 minuten mei.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)