Jong H'fean-Jong Ajax: 1-1

17 sep 2012 - 22:20
  • Foarsitter Johan van Tuinen fan sakeklup OSSH op de nijjiersresepsje

Troch in 1-1 lykspul tusken Jong Hearrenfean en Jong Ajax binne de Feanster beloften wis fan in plak yn de earedivyzje, dy't nei de no rinnende pûlfaze ûntstiet. Jong Hearrenfean einiget mei noch twa pûlwedstriden te gean by de earste fjouwer en dat is genôch.

Op Sportpark Skoatterwâld wiene beide ploegen oaninoar weage. Jong Ajax naam yn de twadde helte de lieding troch Lorenzo Ebicilio. Nei in moaie oanfal fan de thúsploech, Mark Uth op Luciano Slagveer, soarge de lêste foar de 1-1. Jong Hearrenfean hat de lieding yn groep A mei 13 út 5.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)