Jong H'fean bekert fierder

16 nov 2010 - 18:21

Jong Hearrenfean/Emmen sit by de lêste acht yn it bekertoernoai. Tiisdei waard mei 3-1 wûn by Sparta Rotterdam. In wike lyn hie de ploech fan trainer Johnny Jansen foar de kompetysje noch mei 4-2 fan de Sparta-beloften ferlern.

Nei in miste strafskop fan Sparta (Iwan Redan) kopte Igor Djuric de 0-1 binnen. Shayron Curiel makke noch foar it skoft de 1-1. Nei de tee krige Djuric syn twadde giele kaart, mar troch doelpunten fan Papadopulos en Janmaat gong de winst nei Fryslân.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)