Jong Heracles - Hearrenfean: 2-1

07 des 2004 - 10:21

Jong Hearrenfean hat moandei mei 2-1 ferlern fan Jong Heracles. Yn 'e 57ste minút kaam Heracles op foarsprong troch in goal fan Mark Höcher. Thomas Prager makke yn 'e 83ste minút de gelykmakker. Hy skoarde út in frije praat.

Mar noch yn deselde minút skoarde Heracles wer. Gerard Monninkhof bepaalde de einstân op 2-1. Jong Hearrenfean hat no 14 punten út 12 wedstriden en stiet dêrmei op it tsiende plak.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)