Jong Hearrenfean yn stadion

17 des 2007 - 09:53
  • Afonso Alves wol graach wer fuotbalje en docht dêrom mei de beloftes mei

De wedstriid fan Jong Hearrenfean - Jong Utrecht wurdt moandeitejûn net op sportpark Skoatterwâld spile mar yn it Abe Lenstrastadion. De wedstriid is yn it stadion omdat op it fjild by Skoatterwâld net fuotballe wurde kin.

De Brazyljaanske ynternasjonal Afonso Alves sil ien helte meifuotbalje by Jong Hearrenfean. Paulo Henrique, dy't sneon twa kear skoarde tsjin NAC, docht ek mei. De wedstriid is fergees tagonklik.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)