Jong Hearrenfean yn A'dam: 2-2

09 feb 2010 - 21:07
  • Tarik Elyounoussi

Jong Hearrenfean/Emmen is tiisdeitejûn it twadde part fan de kompetysje begûn mei in moai 2-2 lyk spul tsjin jong Ajax. Yn Amsterdam sette âld-Hearrenfean spiler Miralem Sulejmani syn ploech yn de earste helte op foarsprong. De lykmakker kaam noch foar it skoft fan Tarik Elyounoussi.

Luciano Narsingh sette de Feansters yn de twadde helte op foarsprong, de Koreaan Hyun Yun Suk soarge foar de 2-2 einstân. Jong Ajax bliuwt tredde, jong Hearrenfean/Emmen tsiende.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)