Jong Hearrenfean wint by RKC

22 okt 2012 - 20:55
  • Foarsitter Johan van Tuinen fan sakeklup OSSH op de nijjiersresepsje

Jong Hearrenfean is yn divyzje A fan de nije beloftekompetysje begûn mei in 3-1 oerwinning by Jong RKC Waalwyk. Grutte man yn de ploech fan trainer Jan de Jonge wie Mark Uth. De Dútske spits makke alle trije doelpunten. Op oanjaan fan Luciano Slagveer kopte hy nei in healoere syn ploech op foarsprong. Nei in oertreding fan Fahd Aktaou kaam de RKC lykmakker fan 11 meter troch Hafid Salhi. Nei it skoft, yn de 48e minút, opnij Uth op oanjaan fan Hakim Ziyech. De beslissing yn dizze hiele aardige wedstriid foel yn de 63e minút troch opnij Uth.

Yn de divyzje A fan de beloftekompetysje (de earedivyzje) spylje de tolve bêste belofteploegen fan Nederlân. Yn augustus, septimber en begjin oktober is der earst spile yn trije groepen mei yn eltse groep acht ploegen. De bêste fjouwer fan eltse groep komme út yn de divyzje A. De oare tolve yn de divyzje B. Jong Hearrenfean wûn mei oermacht groep A.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)