Jong Hearrenfean wint maklik

25 jan 2011 - 22:41

Jong Hearrenfean/Emmen helle yn de earste wedstriid nei de winterstop in maklike oerwinning tsjin de nûmer lêst Helmond Sport. Yn Brabân waard it 5-0 foar de ploech fan trener Johnny Jansen. Haglund wie de doelpuntemakker foar it skoft. Yn de twadde helte kaam it ferskil yn sterkte ek yn de skoare ta utering. Gouweleeuw, Kainz, Djuricic en Wolven fûnen doe it net.

Jong Hearrenfean/Emmen is no tredde mei 23 punten út 14 wedstriden. FC Grins hat 27 en PSV 36 punten.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)