Jong Hearrenfean wint by Jong VVV/Helmond Sport

23 feb 2015 - 20:44

Jong SC Hearrenfean hat de tredde oerwinning yn de kampioensgroep fan de beloftekompetysje te pakken. Yn Helmond waard Jong VVV/Helmond Sport mei 3-1 ferslein. Henk Veerman sette de Feansters yn de 18e minút nei in moaie pass fan Robert van Koesveld op foarsprong. Yn de twadde helte, yn de 49e en 51e minút wie Younes Namli twa kear trefseker. De earste op oanjaan fan Morten Thorsby, de 3-1 mei in moai skot. De thúsploech makke yn de 77e minút de 'earetreffer'. Jong Hearrenfean stiet op in dield tredde plak.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)