Jong Hearrenfean wint by Jong Feyenoord/Excelsior

15 des 2014 - 20:45

Jong Hearrenfean hat de wedstriid yn de kampioenspûl fan de beloftekompetysje mei 2-1 wûn by Jong Feyenoord/Excelsior. Szabolcs Varga sette de Feansters yn Rotterdam al nei acht minuten op foarsprong. Nei de lykmakker fan Marko Maletic soarge Pascal Huser noch foar it skoft foar de nije foarsprong fan Jong Hearrenfean. Yn de twadde helte kaam de ploech fan Jeffrey Talan en Wilco Hellinga net mear yn de problemen. Ferline wike ferlear Jong Hearrenfean de earste wedstriid mei deselde sifers fan Jong AZ.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)