Jong Hearrenfean wint fan Sparta Rotterdam

20 apr 2015 - 21:59

Jong Hearrenfean hat moandei mei 1-0 wûn fan Jong Sparta Rotterdam. It doelpunt foar de Feansters waard al yn de tsiende minút makke troch Tarik Kada. Hearrenfean wie de bettere ploech. Se krigen kânsen om de foarsprong fierder út te bouwen. De wedstryd waard ûntsierd troch twa reade kaarten. Morten Thorsby fan SC Hearrenfean en Jeremy de Nooijer fan Sparta moasten mei twa kear giel fan it fjild.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)