Jong Hearrenfean wint fan Jong ADO

24 aug 2015 - 22:15

De beloften fan SC Hearrenfean hawwe moandei de kompetysjewedstriid tsjin Jong ADO Den Haach mei 2-0 wûn. Krekt foar it skoft wie it Morten Thorsby dy't de 1-0 skoarde. Al aardich rap nei de rêst, yn de 58ste minút, makke Tarik Kada de 2-0. Jong Hearrenfean kaam de lêste tweintich minuten noch wol ûnder druk te stean, mar de ferdigening hold goed stân. Utblinker yn 'e wedstriid wie keeper Jan Bekkema út Drachten, dy't moandei syn debút makke by de beloften.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)