Jong Hearrenfean wint fan Grins

09 okt 2006 - 22:31

Jong Hearrenfean en jong Cambuur hawwe har beide pleatst foar de earste 'knock-out' ronde fan it bekertoernoai foar belofteteams. Jong Hearrenfean wûn op it eigen fjild mei 5-3 fan jong FC Grins. Jong Cambuur spile de útwedstriid tsjin jong Emmen. It waard 1-1. Op 13 novimber moat jong Hearrenfean it yn eigen hûs opnimme tsjin jong ADO Den Haach, jong Cambuur spilet yn Amsterdam tsjin jong Ajax.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)