Jong Hearrenfean wint fan AZ

10 mrt 2006 - 14:07

Jong Hearrenfean hat in knappe 2-1 oerwinning behelle op de beloften fan AZ Alkmaar. De oerwinning wie ferrassend, omdat AZ op dit stuit koprinner is en de lêste sân wedstriiden wûn hie. Hearrenfean kaam foar rêst al op 2-0 troch doelpunten fan Mark Homme van der Veen en Ken Ilso Larsen.

Fiif minuten foar tiid waard it noch 2-1, mar fierder kaam AZ net. Jong Hearrenfean stiet no fjirde.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)