Jong Hearrenfean wint fan AZ

09 mrt 2004 - 00:00

De beloftes fan Hearrenfean hawwe moandeitejûn yn Alkmaar mei 0-1 fan Jong AZ wûn. It wie in drege wedstriid foar Hearrenfean, dat grutte muoite hie om troch de ferdigening fan AZ te brekken. Pas yn 'e 80-ste minút makke Georgios Samaras de winnende goal mei de holle.

It wie in goeie jûn foar Hearrenfean, want konkurrinten Feyenoord en Ajax lieten punten lizze. Jong Hearrenfean giet oan de lieding mei 37 punten.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)