Jong Hearrenfean wint fan Ajax

12 okt 2009 - 21:43
  • Elyounoussi makke de winnende goal (foto: Martin de Jong)

Jong Hearrenfean/Emmen wie moandei mei 3-2 te sterk foar jong Ajax. Op Sportpark Skoatterwâld sette Rico Wolven de thúsploech út in strafskop op foarsprong. Jong Ajax kaam troch Marvin Zeegelaar en in mistaastende keeper Diederik Bangma op 1-1.

Foar it skoft kamen de Feansters op 2-1 troch in frije traap fan Xander Houtkoop. Jeffrey Sarpong makke yn de twadde helte de 2-2 en út de moaiste oanfal fan de jûn skeat Elyounoussi de winnende 3-2 tsjin it touwurk.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)