Jong Hearrenfean - Vitesse: 3-1

14 des 2004 - 16:13

Jong Hearrenfean hat moandeitejûn fan Jong Vitesse wûn mei 3-1. Dennis Kalinkov iepene de skoare yn 'e 25ste minút. Fjouwer minuten letter kaam Jong Hearrenfean op 2-0. Dizze kear skoarde David Swiebel.

Jaap Davids fan Jong Vitesse makke yn de 69ste minút de tsjingoal. Ken Vin Ilso-Larssen bepaalde de einstân yn de 83ste minút op 3-1. De wedstriid wie de lêste foar de winterstop. Hearrenfean is in 'middenmoter' yn 'e kompetysje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)