Jong Hearrenfean út beker

07 feb 2011 - 21:24

Jong Hearrenfean/Emmen leit út it lanlik bekertoernoai foar beloften. Op Sportpark Walburgen yn Gendt wûn Jong Vitesse/AGOVV nei ferlinging. Genaro Snijders wie yn de 111e minút de skutter foar de thúsploech.

Troch de hurde wyn wie it net in bêste wedstriid. Beide hurdwurkjende ploegen krigen kânsen. De winst en dêrmei in plak yn de heale finale wie foar it alvetal mei it measte gelok. Takom wike moandei wurdt op deselde lokaasje wer spile, mar dan foar de kompetysje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)