Jong Hearrenfean ûnderút by Ajax

09 nov 2004 - 17:45

De beloften fan Sportclub Hearrenfean ha moandeitejûn de útwedstriid tsjin Ajax ferlern. De Amsterdammers namen foar rêst in foarsprong fan 2-0, mar nei rêst kaam Hearrenfean al wer gau op 2-2. It slagge Hearrenfean lykwols net om troch te drukken. Yn 'e lêste minuten fan 'e wedstriid makke Ajax noch twa countergoals en waard it 4-2.

In goal fan Jos Hooiveld yn 'e earste helte waard ôfkard omdat de bal ûntplofte en lek yn 'e goal bedarre.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)