Jong Hearrenfean - Twente: 2 - 3

05 maaie 2003 - 00:00

It belofteteam fan sportklub Hearrenfean ferlear moandei mei 2-3 fan jong FC Twente. It ferlies kaam hurd oan, want de ploech fan trener De Jonge hie by in lykspul of winst al kampioen west. Dat kampioenskip sit der noch hieltiid yn. Want Hearrenfean is koprinner en hat in better doelsaldo as neiste konkurrint Willem II.

Foar Hearrenfean skoarden Marcel Seip en Jos Hooiveld. Jong Willem II wûn mei 3-1 fan jong PSV.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)