Jong Hearrenfean spilet PEC Zwolle fan it fjild

18 jan 2016 - 20:52

Jong Hearrenfean hat moandeitejûn jong PEC Zwolle fan it fjild spile. Yn de thúswedstriid wie de stân op it skoareboerd nei 90 minuten spyljen úteinlik 6-0 yn it foardiel fan de Feansters.

Al yn de earste minút skoarde spits Henk Veerman, mei in moaie lobbal de 1-0. De oare goals kamen fan Tarik Kada, Luka Zahovic, Luciano Slagveer en Rewan Amin. Veerman skoarde úteinlik twa kear. Wêrmei't de stân op 6-0 útkaam. Yn it lêste kertier fan de wedstriid makke Younes Namli nei in healjier blessuereleed syn rentree.

In oantal spilers liet harren goed sjen yn de wedstriid Se sitte ticht tsjin it earste alvetal fan SC Hearrenfean oan. De kar kin dus noch wolris dreech wurde foar trainer Foppe de Haan.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)