Jong Hearrenfean spilet lyk

26 okt 2009 - 20:58

Jong Hearrenfean/Emmen hat moandeitejûn mei 2-2 lyk spile tsjin Jong Helmond Sport. Yn Brabân stie it healwei noch 0-0. De kombinaasjeploech fan trainer Johnny Jansen moast de twadde helte, nei de reade kaart fan Hassan Bai Kamara, mei tsien man spylje.

Jong Helmond Sport naam in 2-0 foarsprong en makke yn de 70e minút in eigen doelpunt. Kenny Otigba waard ynbrocht en mei syn earste balkontakt waard de swierbefochten 2-2 stân berikt.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)