Jong Hearrenfean rolt ADO op

29 okt 2002 - 00:00

De beloftes fan SC Hearrenfean hiene moandei net folle problemen mei Ado Den Haach. De Feansters wûnen yn Den Haach mei 0-4. Alle goals foelen yn 'e twadde helte. René van der Wey skoarde twa kear, Samaras en Hooiveld ien kear.

SC Hearrenfean stiet no op it fyfde plak yn 'e beloftekompetysje mei 12 punten út sân wedstriden, Ado Den Haach stiet ûnderoan mei mar ien punt.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)