Jong Hearrenfean op dreef tsjin Jong Feyenoord

02 nov 2015 - 21:10

Jong Hearrenfean hat moandeitejûn mei 2-0 wûn fan Jong Feyenoord. Yn Rotterdam hiene de Feanster beloften fan coach Johnny Jansen gjin ûntsach foar spilers as Hahn, Botteghin, Toornstra, Nelom, Immers, Kazim-Richards en Basacikoglu. Willem Huizing sette mei in hurde kopbal yn de 12e minút syn ploech op foarsprong, Rannick Schoop ferdûbele de marzje yn de 68e mínút. Joost van Aken spile by Hearrenfean in goed oere en dat gong goed. Jong Feyenoord besocht it benammen yn de twadde helte, mar koe it earste ferlies net foarkomme.

Jong Feyenoord: Hahn; Den Hoedt, Botteghin, Verdonk, Nelom; Immers, Schuurman, Toornstra; Achahbar, Kazim-Richards en Başacıkoğlu.
Jong SC Hearrenfean: De Fockert; Marzo, Buijs, Van Aken (65’ Gartenmann), Van Koesveld; Amin, Van den Boomen, Huizing; Schoop (76’ Mrkonja), Vlap (82’ Oosterlen) en Kada.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)