Jong Hearrenfean net fierder as 1-1 by Jong Sparta R'dam

02 feb 2015 - 20:46

Jong Hearrenfean slagge der moandeitejûn net yn om de twadde oerwinning te heljen yn de kampioenspûl fan de beloftekompetysje. Tsjin nûmer lêst Jong Sparta Rotterdam waard it 1-1. Op 'Het Kasteel' sette A-junior Tarik Kada yn de 13e minút, nei goed wurk fan Morten Thorsby, de Feansters op foarsprong. Mei in protte striid, mar net mei goed spul like dat genôch foar de winst. Yn de 89e minút foel dochs noch de 1-1 fan Robbert Olijfveld.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)