Jong Hearrenfean net bêst

16 mrt 2010 - 23:13

Jong Hearrenfean/Emmen krige tiisdei tsjin Jong Helmond Sport in ûnferwacht pak op 'e bealch. Op sportpark Skoatterwâld wûn de nûmer lêst fan de beloftekompetysje mei 3-1. Jong Helmond Sport stie nei in healoere al op in 2-0 foarsprong.

De thúsploech fan trainer Johnny Jansen spile min, mar kaam fier yn de twadde helte troch in goal fan Pele van Anholt dochs op 1-2. De kâns op de lykmakker wie der, mar yn de ekstra tiid makke Jong Helmond Sport de 1-3.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)