Jong Hearrenfean kwartfinalist

19 feb 2009 - 21:38

Jong Hearrenfean hat tongersdeitejûn de kwartfinale helle fan it bekertoernoai foar belofteteams. Op sportpark Skoatterwâld waard jong Heracles mei 4-1 ferslein. Krekt foar it skoft kaam de thúsploech op foarsprong troch Donovan Deekman.

Xander_Houtkoop makke yn de twadde helte de 2-0, Bas Dost brocht de spanning werom: 2-1. Pedro Beda soarge mei twa goals foar in plak yn de kwartfinale. Dy wurdt moandeitejûn spile yn Eindhoven tsjin jong PSV.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)