Jong Hearrenfean koprinner

16 okt 2006 - 21:34

Jong Hearrenfean wûn moandeitejûn de topper yn ´e beloftekompetysje mei 2-1 fan jong AZ. Yn in moaie earste helte naam de ploech fan trainer Henk Herder in 2-0 foarsprong troch doelpunten fan Will_Johnson - in prachtich skot fan dik 25 meter - en Age_Hains_Boersma.

Yn de twadde helte waard it 2-1 troch in AZ-strafskop fan Joey_Gudjonsson. Jong Hearrenfean hat no 15 punten út seis wedstriden. Dêrachter stean fiif ploegen mei tsien punten.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)