Jong Hearrenfean koprinner

02 okt 2006 - 20:43

It belofteteam fan 'e Sportklup Hearrenfean hat moandeitejûn mei 2-1 de útwedstriid tsjin jong Willem II wûn. Yn Tilburg makken de Brabanders it earste doelpunt yn de 23ste minút. Ugur Yildirim wie fier yn 'e twadde helte twa kear súksesfol foar de Feansters.

Troch it ferlies fan jong AZ op it eigen fjild tsjin jong Sparta is jong Hearrenfean no koprinner mei tolve punten út fiif wedstriden.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)