Jong Hearrenfean kânsleas

17 feb 2011 - 21:31

Jong Hearrenfean/Emmen hie tongersdei net in protte yn te bringen tsjin Jong AZ. De útwedstriid yn Velsen waard mei 4-1 ferlern.

De earste helte fan de Frysk-Drintske kombinaasjeploech wie net goed. Healwei stie Jong AZ al op 2-0. Nei it skoft rûn AZ út nei 4-0 mei Mitchell te Vrede as grutte man. Hy makke trije doelpunten. Jong Hearrenfean/Emmen spile wol wat better, mar earst yn blessueretiid makke Jeffrey Gouweleeuw de 'earetreffer'.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)