Jong Hearrenfean kampioen

15 apr 2013 - 20:36
  • SC Hearrenfean

Jong Hearrenfean hat yn de útwedstriid tsjin Jong PSV it kampioenskip behelle. De ploech fan trainer Jan de Jonge wûn op sportpark De Herdgang mei 3-2. Omdat Jong Ajax mei 3-0 ferlear fan Jong FC Utrecht is Jong Hearrenfean net mear yn te heljen. Dochs moat de ploech noch fiif wedstriden spylje. Mark Uth wie mei alle trije goals wer ris de grutte man foar de kampioen. Hy sette de Feansters op in 2-0 foarsprong, mar Jong PSV kaam nei it skoft sterk werom: 2-2. Opnij Uth, in kertier foar tiid, soarge foar de titel en it feest.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)