Jong Hearrenfean - Jong PSV: 2-2

19 apr 2004 - 00:00

Jong Hearrenfean spile moandeitejûn mei 2-2 lyk tsjin jong PSV. Yn it Abe Lenstrastadion mei krapoan 7.000 taskôgers naam it belofteteam fan 'e Feansters in foarsprong troch Kito. Johan Vonlanthen skoarde 1-1.

De twa goals fan 'e twadde helte foelen binnen de minút. Earst Manu Daghier foar Hearrenfean, in pear tellen letter Jordi Hoogstrate foar PSV. Troch de 2-2 stiet de ploech fan Jan de Jonge twadde yn 'e beloftekompetysje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)