Jong Hearrenfean-Jong AZ 1-1

08 des 2011 - 20:47
  • Foarsitter Johan van Tuinen fan sakeklup OSSH op de nijjiersresepsje

Jong Hearrenfean/Emmen hat oan de ynhelwedstriid yn Alkmaar tsjin Jong AZ ien punt oerholden: 1-1. Op 21 novimber koe der net spile wurde fanwege de mist, no stie de stoarm goed fuotbal op sportkompleks 't Lood yn 'e wei. Jong AZ kaam nei in goed oere op foarsprong troch Fernando Lewis. De hurdwurkjende Feanster ploech fan trainer Jan de Jonge, mei fjouwer A-junioaren yn de basis, kaam troch Samir Fazli yn de 90e minút fertsjinne op 1-1. Moandeitejûn spilet Jong Hearrenfean/Emmen op sportpark Skoatterwâld tsjin koprinner Jong FC Twente.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)