Jong Hearrenfean - Jong AZ: 1-0

29 sep 2003 - 00:00

Jong Hearrenfean wûn moandei op sportpart Skoatterwâld mei 1-0 fan 'e beloftes fan AZ. Spits Maceo Rigters makke healwei de earste helte it iennichste doelpunt. Beide ploegen spilen net harren bêste wedstriid en koene nei ôfrin sizze dat se beide ek noch al wat kânsen lizze litten hiene.

Jong Hearrenfean hat no 8 punten út 4 wedstriden en stiet lyk mei Jong Ajax op in dield twadde plak. Jong Feyenoord liedt mei 12 punten út 5 wedstriden.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)