Jong Hearrenfean - Jong ADO: 4-0

05 okt 2004 - 11:42

Jong Hearrenfean wûn moandei op sportpark Skoatterwâld mei 4-0 fan Jong Ado Den Haach. Yn in minne wedstriid hie de thúsploech it bettere fan it spul. ADO moast boppedat mei tsien man fierder, neidat de reade kaart fan Daniël Rijaard. Hearrenfean-spits Georgios Samaras skoarde 1-0 en 2-0.

Nei it skoft waard it troch Emmerik de Vriese en Dennis Calincov 4-0. Jong Hearrenfean stiet no op it 6de plak mei 7 punten út fiif wedstriden.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)