Jong Hearrenfean ferliest fan Jong Heracles Almelo

19 okt 2015 - 21:06
  • Foarsitter Johan van Tuinen fan sakeklup OSSH op de nijjiersresepsje

Jong SC Hearrenfean hat moandei ferlern fan Jong Heracles Almelo. It waard 1-2. Jong Heracles Almelo kaam yn de 33e minút op foarsprong troch Brahim Darri. Foar rêst hie Hearrenfean in tal grutte kânsen. Sa rekken Morten Thorsby en Luka Zahovic de peal. Nei rêst kaam Hearrenfean fertsjinne op 1-1. Tarik Kada joech in foarset op Zahovic, dy't de bal knap ynkopte. Yn de 79e minút kaam Heracles dochs wer op in foarsprong troch in goal fan Paul Gladon. Hearrenfean gie der doe noch fol foar en krige ek in oantal kânsen, mar it bleau by 1-2.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)