Jong Hearrenfean ferliest

26 feb 2007 - 21:47

De beloftes fan jong Hearrenfean hawwe moandei yn in útferkocht Abe Lenstra Stadion mei 0-1 ferlern fan jong Ajax.

Yn de 20ste minút fan de earste helte makke Nikolae Mitea de ienichste goal fan 'e wedstryd foar Ajax. Nei it skoft hienen de fuotballers fan jong Hearrenfean noch wol in tal kânsen op de lykmakker. Under oaren in bal op de peal fan Oguzhan Türk. Jong Hearrenfean is noch dúdlik koprinner mei 11 punten foarsprong op Utrecht.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)