Jong Hearrenfean - Excelsior 0-1

14 sep 2004 - 12:15

It wol dit seizoen noch net sa mei Jong Hearrenfean. It belofteteam fan 'e SC ferlear moandei op sportpark Skoatterwâld mei 0-1 fan Excelsior. Yn in net geweldige wedstriid wie de thúsklub wol better, mar doelpunten meitsje, slagge net.

Nei in rappe útfal yn de 66ste minút makke Marc van Versendaal foar de Rotterdammers de iennichste goal fan de wedstriid. Jong Hearrenfean hat nei trije wedstriden noch mar ien punt.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)