Jong Hearrenfean bekert troch

01 nov 2007 - 22:11
  • Gonzalo Garcia-Garcia hie in wichtich oandiel yn de oerwinning (foto Martin de Jong)

Jong Hearrenfean is de iennichste Fryske klub dy't troch is yn it bekertoernoai. It belofteteam wûn tongersdeitejûn fan ADO Den Haach.

Den Haach kaam op 1-0 troch Immers. Garcia-Garcia soarge foar de 1-1, Mattes foar de 2-1 foarsprong. In kertier foar tiid waard it 3-1 troch Smárason. Den Haach spile lang mei tsien man. Yn de achtste finale is Quick Boys út Katwyk de tsjinstanner. Dat spilet yn de sneonshaadklasse.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)