Jong Hearrenfean begjint min

23 aug 2010 - 21:29

Jong Hearrenfean/Emmen is de beloftekompetysje striemin begûn. Op sportpark Skoatterwâld wie Jong AZ mei 7-3 te sterk. Yn de earste helte wie it gat al slein: 3-0 foar Jong AZ. De ploech út Alkmaar fuotballe, de Feanster ploech mei û.o. Roorda, Svec, Haglund, Papadopulos, Koning, Djuricic en Elyounoussi rûn wat mei de bal.

Nei it skoft waard it daliks 4-0 foar Jong AZ. Troch Papadopulos (2) en Djuricic aksele de thúsploech in bytsje tsjin, mar benaud waard AZ net.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)