Jong H´fean wint fan koprinner

24 nov 2008 - 21:35

Jong Hearrenfean hat moandeitejûn mei 2-1 fan koprinner jong NEC wûn. Op de goed bespylbere gersmatte fan Sportpark Skoatterwâld kaam de thúsploech yn de 34ste minút troch Paulo_Henrique op foarsprong. Yn de 78ste minút ferdûbele Luciano_Narsingh dy foarsprong.

Dominique_Scholten brocht yn it lêst mei in prachtige frije traap de spanning werom (2-1). De winst foar de ploech fan trainer Hans_de_Jong wie fertsjinne. Syn ploech spile mei ynset.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)