Jong H´fean-jong Cambuur 1-0

18 aug 2008 - 21:06
  • Paulo Henrique skoarde foar Hearrenfean

Jong_Hearrenfean hat moandeitejûn mei 1-0 fan jong Cambuur wûn. It doelpunt yn dizze bekerwedstriid foel yn de ekstra tiid fan de twadde helte. Jong Cambuur woe noch in kear wikselje, de skiedsrjochter liet trochspylje en Paulo Henrique pegele de bal tsjin de touwen.

Jong_Hearrenfean - yn de kompetysje in klasse heger spyljend - wie de ploech mei fierwei de measte kânsen, mar doelpunten meitsje wie op Sportpark Skoatterwâld in poepetoer.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)