Jong Fammepartij yn Mantgum

15 jun 2004 - 00:00

Keatsferiening Jacob Klaver út Mantgum sil op 10 july foar it earst in Jong Fammepartij organisearje, in grutte bûnspartij foar famkes. De partij moat, as it goed giet, in nije tradysje wurde en útgroeie ta in soarte fan Jong Nederlânpartij foar famkes.

De nije partij soe in klassiker wurde kinne. Mei de Ald Meyerspartij fan Hitzum, de PC yn Weidum en de Bûnspartij ûntstiet sa ek foar froulju in klaverke fjouwer.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)