Jong Cambuur wint yn Deventer

13 okt 2008 - 21:27

Jong Cambuur hat moandeitejûn tsjin Go Ahead Eagles foar de beker mei 2-0 wûn. It team fan Wim de Ron hâldt dêrmei noch altyd sicht op winst yn de pûl. Yn Deventer waard yn de earste helte net skoard.

De ploegen wiene oaninoar weage, mar nei it skoft makke Anco Jansen de 1-0 foar de Ljouwerters. Twa minuten letter ferdûbele Marc Mboua de foarsprong. Koen Brack spile foar it earst nei syn blessuere wer mei.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)