Jong-Cambuur wint mei 5-1

17 des 2007 - 22:14

Jong Cambuur hat moandeitejûn mei mar leafst 5-1 wûn fan Jong-Volendam. En dat wylst Volendam yn eigen hûs noch gjin wedstriid ferlern hie.

Jurjen_Bosch soarge foar 0-1 en 0-2 waard it troch Jurrick_Juliana. Krekt nei it skoft kaam Volendam op 1-2 en krige Cambuur it efkes benaud, mar de 1-3 fan Oosterling soarge wer foar rêst yn de ploech. René_Hoen makke 1-4 en René_van_der_Weij 1-5. Cambuur stiet no tredde.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)